Fyftjin plysjeburo's ticht

01 jul 2009 - 15:17

Fyftjin besteande plysjeburo's yn Fryslân wurde sletten. Dat is de bedoeling fan it regionaal kolleezje, dat bestiet út de boargemasters fan de Fryske gemeenten. Hokker plysjeburo's krekt ticht geane is net dúdlik,

Yn alle gefallen wurdt it buro fan Bûtenpost en dat oan de Gardenierswei yn Ljouwert sletten. Mei-inoar komme der sân servicepunten foar werom. Wêr't dy krekt komme, is ek noch net bekend. Dêr wurdt de kommende tiid fierder oer praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)