Skhodran Metaj net nei Cambuur

01 jul 2009 - 14:28

Skhodran Metaj komt dochs net nei Cambuur. FC Grins en Cambuur hawwe freed in akkoart sletten oer de ferhier fan de middenfjilder, mar Metaj sels sjocht de oergong dochs net sitten.

Cambuur-trainer Stanley Menzo hie oanjûn dat de fuotballer (21) allinnich yn 'e beneaming kaam foar in plak links yn de ferdigening. Omdat Metaj him graach as middenfjilder ûntwikkelje wol, hat hy besletten net nei Ljouwert te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)