Damwâldster fêst foar ûntucht

© Omrop Fryslân
Yn Damwâld is ferline wike in man (37) oanhâlden op fertinking fan ûntucht mei minderjierrige jonges. Ek soe de man berneporno yn syn besit hân hawwe.
Syn hûs is trochsocht en der binne kompjûters en oare ynformaasjedragers yn beslach naam. Der binne yntusken fiif oanjeftes tsjin de fertochte binnenkaam. De slachtoffers fan de man kamen by him thús. Se binne allegearre in jier as tolve. It ûndersyk is noch oan de gong. De man sit dêrom noch seker fjirtjin dagen yn foararrest.