Ljouwert komt mei 'Hero 58'

© Omrop Fryslân
Nei it 'Leeuwarder Leeuwtje' sil de gemeente Ljouwert tenei ek it 'Leeuwarder Welpje' útrikke. Jongeren oant achttjin jier komme foar dy ûnderskieding yn de beneaming as se har op in bysûndere wize ynset hawwe foar de mienskip.
It 'Leeuwarder Leeuwtje' wurdt sa'n fiif kear yn it jier útrikt, mar dan allinnich oan folwoeksenen. It Welpje is in lintsje mei de namme Hero 58.