Skoallerôver: 20 moanne easke

01 jul 2009 - 11:49

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tiisdei tweintich moanne sel easke tsjin in Amsterdammer (35). De man soe yn ferskate skoallen, berneopfangen en fersoargingtehuzen benammen jild en bankpaskes stellen ha. Hy wurdt fertocht fan alve gefallen fan stellerij en oplichting yn Fryslân, Grinslân en ek Gelderlân.

Ien fan de dupearren wie de kristlike basisskoalle fan Tsjummearum. Dêr waard mei in stellen bankpas 2900 euro opnaam. De útspraak is oer twa wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)