Trouwe op it strân fan Skier

In bysûndere troulokaasje: it strân fan Skiermûntseach
Op Skiermûntseach kin fan no ôf troud wurde op it strân. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat besletten dat op eltse binnenlokaasje op it eilân troud wurde kin. Om romantysk de lange hier oan te gean op it strân kin gebrûk makke wurde fan de Balgexpres en in huifkar om yn te trouwen.
Mei ferskate rekreaasjeûndernimmers binne ôfspraken makke oer it trouwen op lokaasje.