Lekkumer fjochtersbaas oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat in ynwenner (34) fan Lekkum oanhâlden nei in fjochtpartij yn de Coopmansstrjitte yn Ljouwert. De man woe de dyk oerstekke, mar dat slagge net omdat der tefolle ferkear wie. De Lekkumer besocht it dochs en waard rekke troch in auto. Hy begûn op de motorkap te slaan en mishannele de bestjoerder mei in boksbeugel.
Omstanners hellen de twa útinoar. De plysje hâlde de Lekkumer oan en fûn de boksbeugel en in flintermes. De fertochte is nei it plysjeburo brocht.