Ried Snits: Brok mei bliuwe

01 jul 2009 - 10:09

De gemeenteried fan Snits hat boargemaster Arno Brok foardroegen foar werbeneaming. Brok is no hast seis jier boargemaster fan Snits. De gemeenteriedsleden wolle Brok graach noch in skoft hâlde.

De ried fynt dat Brok beskikt oer treflike bestjoerlike kwaliteiten en in goeie netwurker is. Brok hat fierder in grut draachflak ûnder de Snitser befolking, sa skriuwt de fertrouwenskommisje fan de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)