Ferwûne by ûngelok Wâldwei
In 21-jierrige frou út Bant is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Wâldwei by Drachten. De frou rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei de auto fan de dyk.
In foarbygonger warskôge de helptsjinsten. De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Drachten brocht.