Film oer Jannie Regnerus

01 jul 2009 - 08:02

Regisseur Pieter Verhoeff makket in film oer de Biltske keunstneresse Jannie Regnerus. Verhoeff hat tiisdei subsydzje foar syn projekt krigen fan it Mediafûns.

De film moat op in kommende Noardelik Film Festival yn premjêre gean. Jannie Regnerus is 37 jier en skriuwt, fotografearret en skildert. Se wennet op Nijebiltsyl. Ynkoarten ferskynt har tredde boek: in roman oer har jeugd op it Bilt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)