Jan Bos wint Tolbert

Jan Bos
Jan Bos fan Nijhoarne hat tiisdeitejûn it kritearium fan Tolbert wûn. Tolbert is de tredde fan seis wedstriden fan it Noordenveld-Westerkwartier. Yn it begjin fan de 80 kilometer naaiden sân man út. Jan Bos kaam folle letter mei Fries om utens Johan Procee en Jesse de Haan dochs noch by de kopgroep.
Nei it ôfsprinten fan it peloton besocht Procee it allinnich. Dat slagge him net, mar Jan Bos oardel rûntsje foar de ein wol. It wie al wer syn sânde oerwinning fan it seizoen.