ChristenUnie tsjin bleatfoto's

Ek mei 'beskaafd keunstsinnich bleat' hat de ChristenUnie muoite
De fraksje fan de ChristenUnie steurt him oan de mear as manshege bleatfoto's dy't op de Waadseedyk by Moddergat komme te stean. Dirk van der Meulen fan de fraksje nimt gjin oanstjit oan de keunstwurken sels, mar fynt it kwealik dat minsken dy't de bylden leaver net sjen wolle der net omhinne kinne.
Foaral omdat der lâns de dyk in soad kuiere en fytst wurdt. Fotografe Mijke Bos eksposearret de hiele simmer njoggen foto's fan neakene froulju.