Brân Twizel net oanstutsen

De tapyt- en parketsaak yn Twizel gie hielendal ferlern by de brân
De plysje slút út dat de brân yn de parketsaak Idsardi yn Twizel moandei oanstutsen is. Nei in lytse brân moarns betiid baarnde de saak letter op de dei folslein út, doe't it fjoer op 'e nij oplôge.
De brânwacht wie derfan oertsjûge dat de brân nei de earste blusaksje hielendal út wie. Mar út ûndersyk fan de technyske resjerzje hat bliken dien dat dat mooglik dochs net it gefal wie.