Alde wettekst Stellingwerf fûn

30 jun 2009 - 13:52

Wittenskipper Oebele Vries fan 'e Ryksuniversiteit Grins hat in unike fynst dien. Yn it Geldersk Argyf yn Arnhem hat er de tekst ûntdutsen fan it midsieuske lânrjocht fan Stellingwerf. Oant no ta wie út de Stellingwerven neat bekend oer in eigen midsieusk rjocht. De tekst dy't Vries fûn hat, is in Nederlânske oersetting fanút it Latyn út de lette 15de ieu.

It lânrjocht dat no ûntdutsen is, bestiet út tsien rjochtsregels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)