Plysje ûndersiket brân Twizel

© Omrop Fryslân
De technyske resjerzje docht tiisdei ûndersyk nei de brân by in tapytwinkel yn Twizel. Dêr bruts moandei twa kear brân út. De earste soarge benammen foar reekskea, by de twadde gie de folsleine winkel ferlern. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei it ûntstean fan de twadde brân, omdat neffens de brânwacht it fjoer doe út wie. It ûndersyk begjint tiisdei pas, omdat de restanten ôfkuolje moasten.
In befeiligingsbedriuw hat de winkel moandeitenacht bewaakt.