Man rôft beurs yn sikehûs

30 jun 2009 - 10:37

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert is moandei in man út Amsterdam oanhâlden omdat er in beurs fan in pasjint stellen hie. It befeiligingspersoniel koe de fertochte gau te pakken krije, omdat der in goed sinjalemint beskikber wie.

De man is oerdroegen oan de plysje. Dy hat him fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)