Kraan troch kabine frachtauto

© Omrop Fryslân
In frachtautosjauffeur út Ommen is moandei op de grutte dyk by Stienwyk ferwûne rekke troch in ûngelok mei in kraan. De man ried tsjin de kraanauto oan, dy't fan de flechtstrook ôf de dyk wer opried.
De frachtauto krige de kraan dwers troch de kabine hinne en rekke ferwûne oan syn gesicht. De man is nei it sikehûs fan Meppel brocht. De dyk hat fanwege it ûngelok in skoft ôfsletten west.