Pedro Beda ferhierd oan Emmen
De Braziliaanske oanfaller Pedro Beda fan SC Hearrenfean spilet it kommende seizoen foar FC Emmen. De 20-jierrige Beda wurdt troch SC Hearrenfean ferhierd. De klup hat in gearwurkingsferbân mei Emmen.
Njonken Beda fuotbalje ek Xander Houtkoop, Michel Poldervaart en Agil Etemadi it kommende seizoen by de Drintske earste divisionist.