Keukenbrân yn Ljouwert

29 jun 2009 - 22:54

Yn Ljouwert hat moandeitejûn in keukenbrân west oan de Mondriaanstrjitte. Hoe't de brân ûntstean is, is net dúdlik. Nei't der alarm slein wie, wie de plysje al gau by de wente oanwêzich.

Aginten ha smeulende foarwerpen fan it balkon smiten en sa de brân blust. De bewenster mocht nei kontrôle yn de ambulânse wer nei hûs. De skea bleau beheind ta de keuken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)