Theo Postma 2e yn Nieuw-Roden

Theo Postma
Theo Postma fan Sweagerbosk is moandeitejûn twadde wurden yn it kritearium fan Nieuw-Roden. Yn de einsprint wie Peter Jan Polling fan Nieuw Weerdinge nei 80 kilometer krekt rapper. Polling en Postma kamen healwei yn in kopgroep mei Jos Harms en Roy Eefting. Se hellen it peloton yn. Doe't de grutte groep ôfsprinte, naaiden Postma en Polling út.
De Ronde fan Nieuw-Roden is de twadde wedstriid fan it Noordenveld-Westerkwartier. Dy duorret seis dagen.