Gjin aksje babystjerte

© Omrop Fryslân
Minister Klink fan Folkssûnens sil foarearst gjin maatregels nimme tsjin de hege babystjerte yn Noard-Nederlân. Dat antwurdet hy op keamerfragen. Keamerleden wolle dat de minister de reistiid fan swangere froulju yn sike-auto's ynkoartet.
Neffens Klink stiet hielendal net fêst dat de stjerte fan poppen yn it noarden feroarsake wurdt troch it langer ûnderweis wêzen fan in ambulânse. Hy wol de saak earst goed ûndersykje foar't hy maatregels nimt.