Drompels De Tille ferdwine

Omwenjenden hawwe tefolle lêst fan frachtferkear
De drompels yn de Alde Dyk yn Koatstertille wurde wer fuorthelle. Twa jier lyn waarden se oanlein, mar omwenners kleie oer lûdsoerlêst en fiele trillings yn harren wenten. Oer de dyk rydt in soad frachtferkear fan en nei bedriuwsterrein De Oastkern.
De drompels wurde dêrom fuorthelle, mar de dykfersmellings bliuwe om foar te kommen dat bestjoerders te hurd ride. De wurksumheden kostje 6.000 euro.