Plysje krijt GPS-tillefoan

29 jun 2009 - 15:33

De meldkeamer fan 'e plysje kin fan augustus ôf altyd sjen oft der in agint yn de buert fan in misdriuw is. Dan begjint in proef wêrby't 200 aginten in nije mobile tillefoan mei in GPS-systeem krije.

It systeem wurket hast op deselde wize as Burgernet. De meldkeamer fan 'e plysje kin op in digitale kaart sjen oft der ek plysjeminsken op it plak fan in misdriuw binne. Se krije dan in tillefoantsje of in berjocht op harren mobile tillefoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)