Surseânse Gordykster bedriuw

© Omrop Fryslân
It is mar de fraach oft de meiwurkers fan Technical Service Noord Nederland op 'e Gordyk dizze moanne it salaris krijt. De rjochtbank hat it bedriuw ein ferline wike útstel fan betelling ferliend fanwege de minne finansjele sitewaasje. In kurator besjocht no oft der mooglikheden binne om it bedriuw bestean te litten en oft der noch jild beskikber is foar de leanen.
Tiisdei of woansdei komt dêr mear dúdlikens oer. Der wurke 26 minsken by it bedriuw.