Mear âlderen mei drankprobleem

© Omrop Fryslân
It tal 55-plussers mei in alkoholprobleem dat ynskreaun stiet by Verslavingszorg Noord-Nederland, is de ôfrûne jierren tanaam. Yn 2006 hie de ynstelling 682 alkoholisten fan 55 jier en âlder, ferline jier wiene dat der 963. De taname wurdt ek feroarsake trochdat der simpelwei mear 55-plussers komme, seit in wurdfierder fan Verslavingszorg Noord-Nederland.
Drinke jongeren foaral in hiel soad yn it wykein, âlderen drinke alle dagen in pear glêzen alkohol.