Sykaksje nei man smyt neat op

29 jun 2009 - 13:53

Yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert hat snein in massale sykaksje west nei in fermiste man. Mei-inoar 42 minsken hawwe mei 32 speurhûnen de hiele dei oan it sykjen west, sawol op it lân as op it wetter. De fermiste man is lykwols net fûn. De man, in ynwenner fan Fryslân, is al langer fermist.

De ôfrûne wike hat in helikopter fan de plysje al yn itselde Griene Stjer-gebiet oan it sykjen west. De famylje fan 'e man wol gjin media-oandacht foar de fermissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)