Kninen sitte Cambuur dwers

29 jun 2009 - 12:52

De earste trainingsdei fan Cambuur is moandeitemoarn foar in grut part yn it wetter fallen. De training soe om healwei alven op it trainingskompleks de Hertgang úteinsette, mar dat gong net troch. De fjilden op de Hertgang hawwe de ôfrûne wiken safolle te lijen hân fan in kninepleach, dat it fjild te min is foar in fuotbaltraining.

Utwike nei it Cambuurstadion koe ek net. It gers yn it Cambuurstadion wie te lang en moat earst meand wurde, foardat der traind wurde koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)