Feilichheidshûs docht fertuten

29 jun 2009 - 12:10

Fryslân is it ôfrûne oardel jier feiliger wurden troch de ynset fan it feilichheidshûs. Dat die moandei bliken by in presintaasje fan it earste jierferslach. Yn it feilichheidshûs wurdt gearwurke troch justysje, plysje, jeugdsoarch, GGZ en reklassearing. Mei-inoar wurde plannen makke om kriminaliteit ûnder jongeren, swalkers en Antillianen oan te pakken.

Ien fan de súksessen wie de oanpak fan de saneamde 'veelplegers'. Sy waarden de ôfrûne tiid yntinsyf folge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)