CdK: skrasse yn marreprojekt

Kommissaris John Jorritsma by it iepenfarren fan de steande mêstrûte
Der sil skrast wurde moatte yn 'e plannen foar de twadde faze fan it Fryske Marreprojekt, oars is it net te beteljen. Dat sei Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma moandei by de iepening fan de Steande Mêstrûte tusken Grou en Ljouwert.
Yn de twadde faze wurde de farrûtes yn it noarden fan Fryslân oanpakt. Ek wurde de ferskate lytse haventsjes ferbettere. De kosten hjirfan binne goed 200 miljoen euro. En dat jild is der net, sa seit Jorritsma.