Brân Twizel wer oplôge

29 jun 2009 - 11:37

It fjoer by de bedriuwsbrân yn Twizel fan moandeitemoarn betiid is yn de rin fan de moarn troch de wyn opnij wer oplôge. Om alve oere hinne sloegen de flammen wer ta it dak út. De reek dy't dêrby frijkomt is yn de fiere omkriten te sjen. De brân is opskaald oant 'grutte brân' en wurdt bestriden troch trije brânwachtkorpsen.

Fanwege de brân is de N355 tusken de rotonde west yn Bûtenpost en de Koaten yn Twizel foarearst ôfsletten foar alle ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)