Ynbraak oerdei yn Noardwâlde

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in ynbraak yn in wenhûs oan de Oostvierdeparten yn Noardwâlde. De bewenners wienen sneintemiddei in ein te fytsen. Doe't se thúskamen seagen se dat der ynbrutsen wie. In doar wie iepen brutsen. Der misten in fotokamera, sieraden en in tal bankpaskes.
De bewenner (56) hat oanjefte dien by de plysje. De technyske resjerzje docht spoare-ûndersyk.