Frou ferwûne by botsing

29 jun 2009 - 10:31

In 23-jierrige ynwenster fan Surhústerfean is sneintemiddei ferwûne rekke by in kop-sturtbotsing. De automobiliste stie op de Grinzerstrjitte en soe linksôf, doe't se fan achter oanriden waard troch in 37-jierrige automobilist fan De Harkema.

De man mankearde neat. De frou is mei nekletsel oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)