Man ferwûne nei fal fan hynder

29 jun 2009 - 10:21

In 38-jierrige man fan De Hoeve is ferwûne rekke nei't er fan syn hynder fallen wie. Dat barde op de IJkenweg.

Der waard in traumahelikopter nei it plak fan it ûngelok stjoerd, mar lang om let is de ruter mei in ambulânse nei it sikehûs fan Swolle brocht. De plysje hat by it ûngelok assistinsje ferliend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)