2.035 sjoggers plysjefilmke

De plysje is tefreden oer de belangstelling foar it eigen YouTube-kanaal
De rekonstruksje fan 'e oerfal op in gesin yn Elslo, dy't Plysje Fryslân ferline wike op YouTube pleatste, hat 2.035 sjoggers lutsen. Neffens in wurdfierder fan 'e plysje stiet it filmke dêrmei yn de top 100 fan bêst besjoene filmkes fan dy dei.
De rekonstruksje hat fiif tips oplevere, mar dêr siet oant no ta de gouden tip net by. Yn it filmke freget de plysje oandacht foar de húshâlding, dy't ein maaie oerfallen, mishannele en bestellen waard.