Soad ynbraken yn Nij Beets

29 jun 2009 - 09:47

Yn Nij Beets is yn de nacht fan freed op sneon op fiif plakken ynbrutsen. Ut trije skuorren, in bestelbus en in wente waard foaral ark stellen. De dieven sloegen ta op trije lokaasjes oan de Prikkewei, in skuorre oan de Leppedyk en in wente oan de Domela Nieuwenhuiswei.

De bút bestiet út ûnder oare trije motorkettingseagen, boarmasines en in brekhammer. Alle dupearren ha oanjefte dien, de plysje hat de saken yn ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)