Harkemaster driget mei wapen

29 jun 2009 - 09:46

De plysje hat sneontenacht in ynwenner fan De Harkema (41) oanhâlden. De man wie earder dy jûns by in feest yn in tinte troch de befeiliging wegere, hy soe tefolle dronken hawwe. Even letter kaam er lykwols werom by de tinte en toande doe in diel fan in wapen.

De plysje wie yntusken al warskôge en arrestearde de man yn syn wenning. It die bliken dat it wapen in alaarmpistoal wie. De Harkemaster is foar bedriging meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)