Topwykein partoer Van der Bos

28 jun 2009 - 18:05

Keatser Gert-Anne van der Bos fan Holwert belibbe in topwykein. Yn Berltsum wûn Van der Bos mei Folkert van der Wei en Daniël Iseger de finale fan it earsteklasse partoer Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn.

Op de útnoegingspartij sneon yn syn wenplak, wûn Gert-Anne van der Bos ek al en waard er ta kening útroppen. By it frouljuskeatsen yn Baard wûn it partoer fan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)