Dronken jonges yn priveebad

28 jun 2009 - 16:03

Twa ynwenners fan Achlum fan 18 en 21 jier binne sneintemoarn betiid oanholden op de Achlumerwei yn Hitsum op fertinking fan baldiedigens en iepenbiere dronkenskip. Plysjes krigen in melding dat in groepke jongeren ferfelend die yn it doarp.

Twa fan har hiene neaken yn in swimbad neist in wenning swom en dêrby saken fernield. De plysjes seagen twa jonges yn de ûnderbroek oer strjitte rinnen. Se hiene drank op en binne oanholden en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)