Rydbewizen ynnaam lâns A7

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn by in tankstasjon oan de A7 by Boalsert twa rydbewizen ynnaam nei in flinke snelheidsoertreding. Plysjes seagen in auto mei hege faasje oer de A7 riden en besleaten him te folgjen.
Dit wie lestich omdat de snelheid tsjin de 200 kilometer yn de oere lei. Uteinlik hold de bestjoerder (51) út Beets stil by in tankstasjon. Hjir waard syn rydbewys ynnaam. De plysjes hiene in mjitting dien en it die bliken dat er 176 yn 'e oere riden hie.