Thewis Hobma wint ljepperij

28 jun 2009 - 15:38

Fierljepper Thewis Hobma fan Easthim sprong sneontejûn yn Bûtenpost oer de tweintich meter. In sprong fan 20,24 wie genôch foar de dei-oerwinning. Dizze oerwinning is de twadde fan dit seizoen, neidat Hobma ferline wike sneon op It Heidenskip ek al wûn.

De ynwenner fan Easthim stiet op it tredde plak yn it klassemint, efter Oane Galama en Hannes Scherjon. Anna Jet Leyenaar fan Snits wûn yn Bûtenpost mei in sprong fan 14,57 meter by de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)