Brommobyl op A7

28 jun 2009 - 15:35

De plysje hat sneontemiddei yn gearwurking mei in automobilist in brommobyl op de A7 by Longerhou oan de kant fan de dyk set. Surveillearjende plysjes krigen in melding dat der in brommobyl op de A7 ride soe.

In foarbygeande automobilist hie de bestjoerder (78) fan de brommobyl út Harns safier krigen dat er syn karke yn de berm parkearde. De bestjoerder krige in bekeuring foar it riden op de grutte dyk. Dêrnei ha de plysjes de brommobyl nei de ôfrit Boalsert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)