Margriet Bergstra hellet brûns

28 jun 2009 - 14:35

Margriet Bergstra fan De Lemmer helle sneon in brûnzen medalje op it EK judo yn Slovenië. De 16-jierrige judoka fan judoskoalle Edwin Steringa wûn de wedstriid yn Koper om it tredde plak mei in ippon fan de Eastenrykse Magdalena Krssakova. Earder wûn de Friezinne yn de pûl fan in Roemeenske en Kroatyske tsjinstanner, sadat se de heale finale helle. Dêryn ferlear se fan Renalda Gedutyte út Litouwen, wêrnei't de Lemster de lytse finale helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)