DJ Nicky wint finale Dancetour

28 jun 2009 - 14:22

De finale fan de Dancetour DJ Knock Out waard ôfrûne freed holden yn Club Noa yn Ljouwert. Trije studinten fan de Stenden Hegeskoalle organisearren dizze jûn tegearre mei stifting Dancetour.

DJ Nicky, Massimo della Diga, Steve_Degro en Danny_Matila diene mei oan dizze finale. DJ Nicky is troch de sjuery keazen as bêste fan dizze jûn. Hy stiet hjirmei op 5 july fanôf 14.00 oere op it poadium fan Dancetour Ljouwert op it Aldehoustertsjerkhôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)