Wer syktocht nei fermiste man

28 jun 2009 - 12:19

Yn it Griene Stjer-gebiet by Ljouwert wurdt opnij socht nei in fermiste man. De man, in ynwenner fan Fryslân, wurdt al hast in wike femist. De sykaksje is in inisjatyf fan de famylje fan de man.

In partikuliere stifting siket mei hûnen nei him. Ofrûne woansdei socht de plysje ek al nei de man mei in helikopter. Dy koe doe neat fine. De famylje wol de identiteit fan de man net bekend meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)