Achtkarspelen nei rjochter

28 jun 2009 - 12:17

Achtkarspelen giet definityf nei de rjochter om te besykjen stroken gemeentegrien oan De Ring yn Bûtenpost werom te krijen. Yn earste ynstânsje moat de wurdfierder fan de bewenners fan De Ring foarkomme.

De gemeente besiket de gemeentegrûn al jierren werom te krijen. De bewenners binne fan miening dat se troch ferjierring eigner wurden binne. De gemeente tinkt dêr oars oer. Petearen tusken gemeente en bewenners ha neat opsmiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)