Romme oerwinning Hearrenfean

SC Hearrenfean hat ek syn twadde oefenwedstriid wûn. Neidat woansdei mei 9-0 wûn waard fan Staphorst, stie der sneontejûn tsjin in regioseleksje fan Gaasterlân-Sleat yn Bakhuzen nei 90 minuten 9-1 op it skoareboerd.
Grutte man oan de kant fan Hearrenfean wie opnij Paulo Henrique. De Brazyljaan wie fiif kear trefseker. De oare doelpunten waarden makke troch nije oanwinst Michal Papadopulos (3x) en Michel Breuer. De earetreffer fan de gasten wie fan Ype Haytema.