Simmeriis yn Thialf

De komplete TVM-ploech ried sneontemoarn yn Thialf op It Hearrenfean de earste rûntsjes fan it nije seizoen. It wie de earste dei dat it simmeriis op de 400 meter baan brûkt wurde koe. Foarich jier lei der trije wike simmeriis foar rekreanten en profesjonele reedriders.
It NOC-NSF hie om seis wike frege, om't it in wichtige tarieding is foar de Olympyske Spelen yn Vancouver fan takom jier. It betide simmeriis foldie Sven Kramer dan ek goed.