Te hurd oer Lauwersmarwei
In 36-jierrige automobilist fan It Hearrenfean moast freedtemiddei syn rydbewiis ynleverje. De man ried 135 kilometer yn 'e oere op de Lauwersmarwei by Aldwâld, wylst dêr tachtich kilometer tastien is.
De plysje kontrolearre dêr mei in lasergun. De bestjoerder koe pas by Ingwierrum oanholden wurde.