Simmerdeisfeest Smellingerlân

27 jun 2009 - 12:28

Smellingerlân stiet dit wykein bol fan muzyk, teater en toaniel. Foar de tredde kear wurdt der it Simmerdeis-festival hâlden. It iepenloftfestival wurdt organisearre troch de gemeente yn gearwurking mei teater de Lawei.

Tûzenen minsken komme ôf op it evenemint dat fjouwer dagen duorret. Njonken ferskate optredens yn it sintrum fan Drachten binne ek yn de omlizzende doarpen foarstellings. De measte foarstellings binne fergees tagonklik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)