Bromfytser ferwûne yn Damwâld
In 16-jierrige jonge út Oentsjerk is freed ferwûne rekke by in oanriding op de Hearewei yn Damwâld. Hy ried op in bromfyts. De jonge helle twa fytsers yn en seach achterom.
Krekt op dat stuit kaam fan rjochts in 24-jierrige automobiliste út Damwâld oanriden. Dy seach de jonge oer de holle. Hy is mei ferwûnings oan de skonk oerbrocht nei it sikehûs.